Seemansklachte

Seemansklachte

 

Moai Etke fan Teroele, Wêr dat ik sit of rin,
Do brochtst my op´e doele, Do bist net út myn sin!
Do brochtst my op´e doele, Do bist net út myn sin!

´k Joech dy in ring op trouwe, En swarde in eed dêr by,
Ik woe´r in toer op bouwe..Hoe rêd fergeatst do my!
Ik woe´r in toer op bouwe..Hoe rêd fergeatst do my!

 No mei ik fluitsje of sjonge, Ik krij it doch net oars
In ryke boerejonge, giet foar in earm matroas
In ryke boerejonge, giet foar in earm matroas

 No wol´k, dêr´t seeën geane, nei ´t fiere westen ta,
Oer wylde weagen fleane. Nei ´t frije Amearika
Oer wylde weagen fleane. Nei ´t frije Amearika

 Moai Etke fan Teroele, sjoch, ik fersto as tsjêf.
Do brochtst my op ´e doele, ik siikje om myn grêf!
Do brochtst my op ´e doele, ik siikje om myn grêf!

Permanente koppeling naar dit artikel: //florashantys.nl/wp/seemansklachte-2/