In Seeman

In seeman

 

In seeman dy hâldt fan syn memmetael A-hoi, A-hoi, A-hoi
De stoarmen dy raze in wyld forhael, forhael, forhael, forhael
Hy ropt dan yn´t Frysk om syn Aal mei kreft
Dan hat er fan seesykt gjin lêst, gjin lêst.
In seeman dy haldt fan syn skip frou en tael
A-hoi A-hoi A-hoi

 

Wy binne wol faek in tiid fan hûs, fan hûs, fan hûs, fan hûs
Wy swalkje mei ´t skip alle seeën oer, ja oer, ja oer, ja oer.
En lizze wy earne dan foar de wâl
Dan giet it soms nead en dan giet it mâl
Dochs komme wy altiid yn Fryslan werom,
werom, werom, werom.

 

In seeman dy stiet net sa best bekind, oh nee, oh nee, oh nee.
Men lûkt faek de noas op foar ´t farrensfolk, oh ja, oh ja, oh ja.
Al ha wy ek wol hwat in danich rûch fak,
it hert sit dochs wol op it goede plak.
In seeman dy hat foar in oar wol hwat oer,
hwat oer, hwat oer, hwat oer.

 

In seeman dy sjongt faek it heechste liet, a-hoi, a-hoi, a-hoi.
Fan blidens mar ek wol ris fan fortriet, (zacht) ja wis, ja wis, ja wis.
Wy swalkje ja wit hoe fier oer de wrâld,
dan is´t wer smoarhyt, dan wer stjerrende kâld.
Hwat is it forlangst dan nei Fryslan dochs great,
ja great, ja great, ja great.

Permanente koppeling naar dit artikel: //florashantys.nl/wp/in-seeman/