Ik haw in séeman kennen,
Die foer de wrâld yn ’t roun;
Hy hie yn ’t ââde Fryslân
In lea eaf-flik famke foun.
Hy hie yn ’t âlde Fryslân
In leaaf flik famke foun.
Hy sei oan’t strân:”Myn famke,
Gau kom ik ryk werom;
Dan sil ik net wer skiede
Fan dy myn leave blom”
Dan sil ik net wer skiede
Fan dy myn leave blom”
It famke kamen d’eagen
sa fol fan suv’re dau;
Hja leit har hân yn sines
En sei:”Ik bliuw dei trou”
Hja leit har hân yn sines
En sei:”Ik bliuw dei trou”
By ’t swalkjen oer de baren,
Oan’t lân, ‘t sij ier of let
Yn stoarmen en gefaren,
Syn faem forgeat er net.
Yn stoarmen en gefaren,
Syn faem forgeat er net.