See, dou wide see

See, dou wide see

 

See, see, do wide see,
wat leist der drôgjend hinne,
Wa seit wat ûnk en wee
Yn dy bisletten binne!


Myn feint sa prûs
Hy gyng fan hus;
Hy soe syn lok wol fine.
Foel `t skieden hurd.
Ik hie syn wurd
Ûs soe de troubân bine.

See, see, do stoere see,
wêr mei myn feint dochs bliuwe?
O, lit oan `d âlde ree
syn boat dochs binnendriuwe!


Mar hoe, dyn byld
Wurd swart en wyld;
dou bromst fan leed en lijen.
Ik fiel, ik sjoch’t
gjin wille en nocht
Is mear foar my to krijen


See, see, do stoere see,
Do roest it my temjitte
Faem, faem der oan de ree,
Do moatst dyn feint forjitte.


As `t weachgebrûs,
en stoarmgerûs,
Heech oer syn holle rôlet,
allyk de smert
Djip ût myn hert
Yn wylde weagen wâlet.


See, see, sa wif en rou,
Berchstou him yn dyn skerte.
Ik hâld him, ivich trou,
bisletten djip yn ’t herte.                       1e Refrein

Permanente koppeling naar dit artikel: http://florashantys.nl/wp/see-dou-wide-see/